Anne Frank

De Joadeferfolging

Anne Frank dûkt yn de tiid fan de Dútske besetting mei har famylje en fjouwer oaren ûnder yn it Achterhuis yn Amsterdam. Yn 1944 wurde se ûntdutsen en Anne stjert úteinlik yn in konsintraasjekamp. Har deiboek wurdt nei de oarloch útjûn en groeit út ta ien fan de meast lêzen boeken fan ’e wrâld. Anne Frank jout op dy manier in gesicht oan de slachtoffers fan de Holocaust.

Fan Dútslân nei Amsterdam
Anne Frank wurdt yn 1929 berne yn in Joadsk gesin yn de Dútske stêd Frankfurt am Main. Nei’t Adolf Hitler yn 1933 oan ’e macht kommen is, flechtet it gesin foar it groeiende antysemitisme nei Amsterdam. Hitler fynt de Joaden in gefaarlik en minderweardich ras dat net yn syn ryk thúsheart. Tusken 1933 en 1937 flechtsje sa’n 140.000 Joaden Dútslân út, fan wa’t der sa’n 35.000 foar koartere of langere tiid yn Nederlân telâne komme. It gesin Frank krijt in wenning yn de Amsterdamske Rivierenbuurt. Anne giet dêr nei skoalle, leart Nederlânsk en makket nije freonen.

Anty-Joadske maatregels
Nei de besetting fan Nederlân yn maaie 1940 nimt nazy-Dútslân al gau maatregels om Joaden ôf te sûnderjen fan de rest fan de befolking. Anne wurdt oerpleatst nei in Joadske skoalle. By bioskopen, kafees, merken, teäters en yn parken ferskine buordsjes ‘Voor Joden verboden’. Fan maaie 1942 ôf binne Joaden ferplichte om in giele davidstjer te dragen, sadat se werkenber binne op strjitte. Dyselde simmer set de Dútske besettingsmacht yn Nederlân de grutte operaasje yn gong om de Joaden ôf te fieren nei East-Europa. Joadske húshâldingen krije in oprop dat se harren koffers ynpakke moatte om yn it Easten oan it wurk te gean. Se wurde út harren huzen helle, op ’e trein set nei it trochgongskamp Westerbork yn Drinte, en dêrwei nei konsintraasje- en ferneatigingskampen op oare plakken yn Europa brocht.

Underdûke
De famylje Frank giet op syk nei in ûnderdûkadres. Mei fjouwer oare minsken ferskûlje se har yn in romte achter it bedriuw fan Anne har heit Otto Frank oan de Prinsengracht yn Amsterdam. Dêr begjint Anne oan har deiboek, dêr’t se nei de oarloch wiidferneamd mei wurde sil. Se skriuwt as jong en ambisjeus famke oer har ûnderfiningen yn it Achterhuis. It skriuwen is foar har in útlitklep, in manier om it fol te hâlden yn it benaude skûlplak. Twa jier lang slagget it de famylje om harren te ferbergjen. Oant se op 4 augustus 1944 oppakt wurde, mooglik nei ferried.

Ferfolging
Fia kamp Westerbork wurde de ûnderdûkers op transport steld nei ferneatigingskamp Auschwitz-Birkenau. In pear moanne letter wurdt Anne tegearre mei har suske Margot opnij deportearre, nei konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Dêr stjerre de suskes yn 1945 oan de gefolgen fan flektyfus. Harren mem Edith Frank komt om yn Auschwitz. Otto Frank oerlibbet as iennige fan it gesin de oarloch.

Yn totaal wurde mear as hûnderttûzen Joadske Nederlanners yn de ferskillende konsintraasje- en ferneatigingskampen fermoarde. Yn fergeliking mei de rest fan Europa binne yn Nederlân nei ferhâlding in soad Joaden fuortfierd. Tusken 1933 en 1945 binne sawat seis miljoen Joaden en hûnderttûzenen oare ferfolge minsken – ûnder wa Sinti en Roma, handicapten, homoseksuelen en Jehova’s Tsjûgen – ombrocht troch de naziterreur.

Wrâldferneamd
Nei de oarloch krijt Otto Frank fan Miep Gies, dy’t de famylje by de ûnderdûk holpen hat, in steapel skriften. It binne de deiboeken fan syn dochter Anne. Yn 1947 wurdt it deiboek útjûn ûnder de titel Het Achterhuis. Wrâldferneamd wurdt it nei in Amerikaanske toanielbewurking yn 1955, krekt op ’e tiid om it Achterhuis, dat op de nominaasje stie om sloopt te wurden, te sparjen. Datselde Achterhuis, dat tsjintwurdich it Anne Frank Huis hjit, wurdt no alle jierren troch mear as in miljoen minsken út de hiele wrâld besocht.