Jeugd
Aletta Jacobs wurdt berne yn Sappemeer, yn de provinsje Grinslân. As skoalfamke skriuwt se yn 1871 in brief oan minister Thorbecke mei it fersyk om talitten te wurden ta ‘de akademyske lessen’. Se wol medisinen studearje. Thorbecke skriuwt oan har heit werom dat dat akkoart is. It is dus te tankjen oan in famke fan santjin dat de universiteiten yn Nederlân foar froulju iepensteld wurde. Allinnich Anna Maria van Schurman mocht earder fan 1636 ôf yn Utert by útsûndering kolleezjes folgje, achter in gerdyn wei om de manlike studinten net ôf te lieden.
Dokter
Neidat Jacobs promovearre is, reizget se nei Londen, dêr’t se yn kontakt komt mei progressive froulike dokters. Se fêstiget har as húsdokter yn Amsterdam oan de Herengracht. Se hâldt fergeze sprekoeren foar froulju en helpt harren oan foarbehoedmiddels. Dat lêste is foarútstribjend: der is noch net folle kennis oer foarbehoedmiddels en in protte froulju reitsje útput fan harren jierlikse swangerskippen. Ek freget Jacobs omtinken foar de lichaamlike klachten fan winkelfamkes, dy’t soms wol alve oeren stean moatte. Tanksij har wurde winkels wetlik ferplichte om harren personiel 'sitgelegenheid' te bieden.
Frouljuskiesrjocht
Yn 1889 reizget Jacobs nei Londen foar in kongres oer frouljuskiesrjocht en se rekket ynspirearre. As Wilhelmina Drucker yn 1893 de Vereeniging voor Vrouwenkiesrecht (VvVK) oprjochtet, slút Jacobs har dêrby oan. Yn 1903 wurdt se foarsitter. Op dat momint mei noch mar in part fan de manlike Nederlânske befolking stimme. Froulju wurde yn de kieswet net iens neamd. De hearskjende opfetting is dat polityk harren ôfhâlde soe fan harren belangrykste taak: it gesin.
De VvVK tinkt dêr oars oer en set folslein yn op frouljuskiesrjocht. De leden organisearje tentoanstellingen, jouwe kranten en pamfletten út, en biede petysjes oan. Yn 1916 organisearret de feriening in demonstraasje foar frouljuskiesrjocht dêr’t mar leafst 18.000 manlju en froulju yn meirinne. De kiesrjochtstriid is trochkrongen yn it hiele lân en wurdt ûnderwilens fan earm oant ryk stipe.
Yn 1917 krije manlju it algemien kiesrjocht. Foar froulju wurdt inkeld it passyf kiesrjocht ynsteld: se meie har ferkiesber stelle. Yn 1919 wurdt it wetsfoarstel foar frouljuskiesrjocht oannommen dat troch Jacobs úttocht wie. Yn 1922 wurdt it aktyf frouljuskiesrjocht echt yn de Grûnwet opnommen: froulju meie no stimme. Aletta Jacobs is dan 68 jier âld. Yn de Nederlânske koloanjes (Nederlânsk-Yndië, Suriname en de Nederlânske Antillen) bliuwt it kiesrjocht oant nei de Twadde Wrâldoarloch tige beheind.
Frouljuskongres
Ynternasjonaal krijt Jacobs bekendheid troch de organisaasje fan it International Women’s Congress yn Den Haach yn 1915. 1100 froulju út tolve lannen, mei dêrûnder de oarlochfierende, komme yn it neutrale Nederlân byelkoar om oer frede te praten. Se formulearje foarstellen dy’t se oan de steatshaden oanbiede. Sa giet Jacobs by de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson op besite. Wilson syn pleit yn 1918 foar de oprjochting fan in feriening fan lannen dy’t meielkoar de frede bewarje, hat opfallende oerienkomsten mei de oanbefellingen fan it kongres. It liedt yn 1919 ta de oprjochting fan it Folkebûn, in foarrinner fan de Feriene Naasjes.
Dolle Mina’s
De grutste feroaringen yn de posysje fan de frou komme pas yn de tweintichste iuw, benammen troch de ‘twadde feministyske weach’. Yn de sechstiger jierren fiere ‘dolle mina’s’ aksje foar befrijing fan de frou. Sy wolle net, sa as harren memmen, feroardiele wurde ta in bestean as húsfrou. Yn 1980 wurdt de ‘Wet gelikense behanneling fan manlju en froulju’ oannommen.